Utnoadingspartij mei barbekjoe en grut springkessen
Mar de kop is der ôf. By de pupillen wienen der 3 twa-tallen dy’t yn kompetysje ferbân striden om de krânse. Doe’t we de list lotten hienen we al tocht dat it in drege keatserij wurde soe. De petoeren wienen wol aardich oan elkoar weage. Mei 14 earsten wie der in earste priis foar petoer 2 mei Hedwig Dijkstra en Juriaan Tolsma. Bregt Arendz en Rutger Fopma gienen mei de twadde priis nei hûs ta. Bij de welpen wienen der 4 petoerkes. 3 petoer fan 2 en 1 petoer fan 3 keatserkes. Opfallend wie dat der yn elts petoer in Reitsma siet. Willem (fan Tjitte) Reitsma, Willem (fan Jan) Reitsma en de suskes Reitsma út Easterwierum. Omdat der yn elts petoer in Reitsma siet wie it seker dat der in Reitsma mei de krânse thús komme soe. Mei Jeen Arendz wist Willem (fan Tjitte) de krâns te winnen en gie de earste “Reitsma krâns” nei de pleats oan de Skilaerderdyk. De premie wie der foar Riemy Reitsma en Anton Fopma. Noch in spesjaal dank wurdt fanút it bestjoer fan JK fan JK foar Wilco en Albert dy de wedstriid yn goeie banen leidt hawwe. Under it keatsen en nei it keatsen koe de noch net opbrûkte energie yn it loftkessen opbrûkt wurde. Fan al dat keatsen en springen krij je fansels honger. Gelokkich koe der nei de tiid iten wurde by de barbekjoe dy’t fersoarge waard troch Wiersma. Al mei al in tige slagge dei. Alden, fersoargers, pake’s, beppe’s, broerkes, suskes, skoan heit-en mem, foogden en freonen wy rekkenje kommende snein op jim kroast tidens it muzykkeatsen. Net rekkenje wy allinnich op it enthousiasme by de keatsers mar rekkenje wy ek op de enthousiaste oanmoedigings fan jim âlders, pake’s, beppe’s, broerkes, suskes, skoan heit-en mem, foogden en freonen. Oant snein efter de Wjukken.
Geplaatst op 24 May 2011